Coaching yn it Frysk

Coaching yn it Frysk

Coaching yn it Frysk? Kin dat? Jaseker! Al wa’t wend is Frysk te sprekken, hoecht him/har hjir net te ferbrekken.

Elts hat wolris ferlet fan in skouderklopke, ek al is ‘t mar mei in fingertopke. In pear kear yn ‘t jier moetsje wy Friezen om útens. Dy’t by ús komme en by de kofje altiten in Frysk dúmke fine. En ús dan faaks wat foarsichtich witte litte dat sy it leafst prate yn de eigen memmetaal. Dat mei en kin! Want de taal fan de siel makket it ús safolle makliker om ús inerlik libben op te sykjen. En derút wei de wurden te finen foar ferbannen dêr’t wy yn wurkje en ferkeare. Foar wat miskien wat tefolle is en foar wat we eins werklik wolle. Do bist fan herten wolkom. It mei yn it Frysk, mar it hoecht net.

Of hast leaver in coach dy’t Frysk prate kin én ek yn Fryslân wennet? Dat kin fansels ek. Dan kinst hjirre efkes klikke. Of skilje efkes, dan tink ik graach mei dy mei. Ferskate kollega’s binne dy graach fan tsjinst.

Nim restich kontakt op – dat kosset neat!
petra.hiemstra@haagsehoogvliegers.nl
of belje: 06-33803867